De Fryske Winkel
Brûkersnamme:
Wachtwurd:
Unthâld myn gegevens
DJ Lexie
DJ Lexie


DJ Lexie hyt yn it deistich libben Lex Timmerman. It begûn al op jonge leeftiid. Lex draaide dan de folumeknop fan de radio wat heger sadat de hiele buert mei genietsje koe. Doe't er praten learde besocht er mear troch de muzyk hinne te praten as de DJ's fan de radio. Doe't Lex njoggen jier wie ferovere hy de singeltsjes fan syn fiif jier âldere broer. In jier letter gie er al stikem mei syn broer nei feesten om dêr muzyk te draaien. Yn 1993 bedarre Lex yn bar dancing Mercédes yn Harns. Dêr mocht hy foardraaie om sa de jûn soepel te starten. Fia Don Pedro kaam er úteinlik oeral op de wrâld. Hy hat draait yn Westendorf, Gran Canaria, Mallorca en foar TV by Yorin the Bar. Lexie is no in proffesjonele skyfkesruter/entertener dy't optredens fersoarget nei de winsk fan de opdrachtjouwer. Sa hat Lexie in breed repertwaar. Lexie hat ek in brede muzykkennis en in tige útwreide kompakt skiif kolleksje. Lexie wit in komplete seal plat te krijen troch syn draaistyl.

De kompakt skiven fan DJ Lexie

DJ Lexie hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.

De domino mus2005€6,99
 
Kopyrjochten © 2009 - 2012 Thaeke.com - Alle prizen binne ynklusyf btw en ferstjoerderskosten (binnen Nederlân)