De Fryske Winkel
Brûkersnamme:
Wachtwurd:
Unthâld myn gegevens
Ben Steneker
Ben Steneker


Ben Steneker (1935, Heech) wie it tolfde bern út in famylje fan tretjin bern. Doe't Ben ien jier wie ferhûzen hja nei Vaasen. Al op jonge leeftiid wie Ben fan doel om sanger te wurden. Doe't der nei de oarloch gjin jild wie foar in muzykynstrumint mocht Ben op de gammele gitaar fan syn broer spylje. Ben begûn mei fallen en wer opstean yn de muzykwrâld. Sa krige hy úteinlik syn plakje yn de hitparade en ek mocht er optrede op radio en televyzje. Ben makke jierren lang part út fan it Paljas Cabaret út Apeldoarn. Fia Addy Kleyngeld, de manager fan Heintje, koe Ben optrede yn Berlyn wêrnei't er frij bekend wurden is yn Dútslân. Ben begûn yn Haaksbergen syn eigen countryclub (Ben’s Country Club) dêr't er gasten lykas Bob Everhart, Patsy Montana, Bill Cliffton, Red Rector en de legendaryske Wanda Jackson hinne helle. Yn 1980 spile Ben Steneker foar it earst yn de Feriene Steaten foar 40.000 leafhawwers fan Oldtime Countrymuzyk. Ben hat yntusken it poadium dielt mei û.o. Johnny Cash, Bobbie Bare, de Bellamy Brothers, Freddy Fender en Billie Jo Spears. De measte ferskes fan Ben Steneker wurde skreaun troch Dick van Altena. Hy spilet dan ek mar weinich covers en in soad eigen wurk. Ben Steneker sjongt tsjintwurdich ek wol mei syn dochter Carmen Steneker.

De kompakt skiven fan Ben Steneker

Ben Steneker hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.

Hert fan Fryslân2009N.F.T.
Homeland2009€11,99
 
Kopyrjochten © 2009 - 2012 Thaeke.com - Alle prizen binne ynklusyf btw en ferstjoerderskosten (binnen Nederlân)