Begjin jierren santich waarden der ferskate nuveraardige wrâldrekôrs festige lykas pealsitten en kaartlizzen op de nulle fan it dak en gean sa mar troch. Sa woe in groepke muzikanten (de notiidske Dakkapellers) ek ris wat besykje. Blaasmuzyk spylje fanôf in dak, en wol sa lang mooglik. In geskikte lokaasje mei dak waard fûn yn Blauhûs. Op it âldereinhûs 'Teatskehûs' waard op 24 juny 1972 in muzikaal wrâldrekôr fan 3 oeren en 1 kertier non-stop blaasmuzyk festige. Dit barren helle de foarside fan de Ljouwerter krante en dêrmei wie de namme 'Blauhúster Dakkapel' in feit. Der is al hiel wat ôfspile yn de rin fan de tiid yn binnen- en bûtenlân, mar de Dakblazers bin pas echt ferneamd wurden sûnt it dweilorkest by útstek spile tidens de EK en WK kampioenskippen reedriden yn it Thialfstadion op it Hearrenfean. Alles giet 'út de bleate kop', sadat hja letterlik a la minút ynspylje kinne op saken as situaasjes om harren hinne. Foar de presintaasje keazen de jongens foar in kyl makke fan de orisjinele Fryske flagge. Mear noch dan de herkenbare klean foarmet it superbrede repertwaar de grutte krêft fan it Snitser dweilorkest. De hearen binne der wis fan. Dat docht gjin blaaskapel harren nei. De measte oaren spylje fan papier en falle geregeld werom op herhellings. De Blauhúster dakkapel spilet alles út de bleate kop en komt nea earne op werom. De Dakkapel hat seis- oant sânhûndert hits min as mear paraat, sa wurdt tocht.
De kompakt skiven fan Blauhúster dakkapel
Blauhúster dakkapel hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.
|