De Fryske Winkel
Brûkersnamme:
Wachtwurd:
Unthâld myn gegevens
Anne Tjerk Popkema
Anne Tjerk Popkema


Anne Tjerk Popkema (Burgum, 1 novimber 1975) hat syn hiele jeugd trochbrocht yn Burgum. In echte 'Burgumer kowesturt' dus! Nei syn middelbiere skoaltiid, dy't er op it Christelijk Gymnasium yn Ljouwert trochbrocht, is hy nei Grins ferfearn om dêr te studearjen. Nei ferskate stúdzjes besocht te hawwen, is hy op it lêst by it Frysk telâne kaam. Yn dy stúdzjekar sil syn eftergrûn by de Fryske studinteferiening FFJ Bernlef net swak byspile ha. Hy hat earst in jier de learare-opliedings Frysk en Nederlânsk oan de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert folge. Dêrnei, yn 1998, is hy mei syn stúdzje Frysk oan de Ryksuniversiteit Grins úteinset. Yn 2002 studearre hy ôf, mei as spesjalisme Aldfrysk en taalskiednis. Syn skripsje oer 'Aldfryske wei-oantsjuttings' waard bekroand mei de skripsjepriis fan de Fryske Akademy en dêrnei ek publisearre. Nei syn stúdzje hat Anne Tjerk twa jier by de Fryske Akademy yn Ljouwert wurke oan it earste boek dat yn it Frysk printe is: de saneamde Alde Druk, út 1484-1486. Yn 2004 is hy ferfearn nei Dútslân, om by it Fach friesische Philologie (ek wol bekend as de Nordfriesische Wörterbuchstelle) fan de Christian-Albrechts-Universität yn Kiel it Altfriesisches Handwörterbuch (Dietrich Hofmann/Anne Tjerk Popkema, Heidelberg 2008) dien te mietsjen. Hofmann, de oarspronklike bewurker, is yn 1998 weirekke, doe´t er syn wurdboek oant de S taret hie. Anne Tjerk hat it lêste part skreaun en dêrnei it hiele wurdboek op 'e nij bewurke. It wurdboek is yn 2008 by Universitätsverlag Winter yn it Dútske Heidelberg útkaam. Fierder hat er sûnt 2002 in protte artikels skreaun oer allerhanne aspekten fan it Aldfrysk, de wurdboekskriuwerij en de skiednis fan de Fryske taal. It oersetten hat er altiten al in soad niget oan hân. Ek ûnder syn wittenskiplik wurk hat er al oersettings útbrocht. Dit wiene Walter Benjamins 'Ik pak myn bibleteek út', en Elias Canetti's 'De harksizzer'. Yn deselde tiid is hy ek al begûn oan syn oersetting fan J.R.R. Tolkiens 'De Hobbit', dy´t yn septimber 2009 útkaam is. Nei syn Kieler projekt hat er dan ek net lang neitocht, mar noch yn 2008 syn eigen Taalburo oprjochte, om sa fan oersetten en korrizjearjen syn deistich wurk te meitsjen. Njonken syn oersetwurk is Anne Tjerk Popkema adviseur foar it Frysk foar it Oxford English Dictionary (sûnt 2006) en it Deutsches Rechtswšrterbuch (sûnt 2009). Yn 2007 waard him de Laurence Urdang Euralex Award 2007 takend. Yn 2009 waard Popkema beneamd ta lid fan de Fryske Akademy, soks op grûn fan wittenskiplike fertsjinste. Yn syn frije tiid is hy û.o. skathâlder fan de Stifting Freonen Frysk Ynstitút Ryksuniversiteit Grins, skriuwer fan de Stifting Eigen Honk Bernlef en ek fan it Nammekundich Wurkferbân fan de Fryske Akademy, en lid fan de Oarkonderûnte fan de Fryske Akademy. Sûnt 2008 wurket hy as selsstannich oersetter en taalûndersiker yn Grins, dêr´t er ek mei syn frou en bern wennet.

De oersettings fan Anne Tjerk Popkema

Anne Tjerk Popkema is de oersetter fan ûndersteande boeken.

De Hobbit2009€20,00
 
Kopyrjochten © 2009 - 2012 Thaeke.com - Alle prizen binne ynklusyf btw en ferstjoerderskosten (binnen Nederlân)