De Fryske Winkel
Brûkersnamme:
Wachtwurd:
Unthâld myn gegevens
Marcel Smit
Marcel Smit


Marcel Smit (juny 1977) wennet yn Burgum mar is hikke en tein yn de Westerein. Syn muzikale yntresse begûn al betiid mei it blokfluitdiploma. Dêrnei begûn er in soad te sjongen en te playbacken. Elvis wie dêrby syn grutte foarbyld. Op syn fjirtjinde wie er DJ yn in jeugdsoas yn de Westerein en letter streamde er troch nei de Ringo yn Feankleaster. Op syn achtjinde stoppe hy dêrmei en doe begûn er him mear achter de skermen dwaande te hâlden mei muzyk. Yn dy perioade bedarre Marcel regelmjittich spontaan op it poadium. Fan Rommy oant Hazes en fan The Eagles oant De Dijk song hy alles mei. Omdat er him graach sels begeliede woe hat er yn 2001 fan syn airmiles in gitaar kocht. Fan twa freonen learde hy de basis en dêrnei hat er in soad oefene. Hy hat al in aardich repertwaar oan covers en hy spilet dan ek regelmjittich. Nei't er mei in frijgesellefeestje ris in kear yn in opnamestudio bedarre wie krige er sin om muzyk op te nimmen.

De kompakt skiven fan Marcel Smit

Marcel Smit hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.

Lyts famke2008€6,99
Simmer yn Fryslân2010€11,49
De kop der foar!2010€6,99
Kryst yn Fryslân2010€11,99
Muzyk2011€13,99
 
Kopyrjochten © 2009 - 2012 Thaeke.com - Alle prizen binne ynklusyf btw en ferstjoerderskosten (binnen Nederlân)