Wim en Theo Douma binne al jierren dwaande mei it meitsjen fan muzyk. Earst yn it Ingelsk en it Hollânsk, de lêste jierren foaral yn it Frysk. Mei de band Oerémis hawwe sy twa kompakt skiven en in dvd makke. De lêste jierren spylje sy hieltyd faker as duo. Wim op gitaar, Theo de toetsen en sy sjonge beide. In grut foardiel is dat dêrby de teksten mear oandacht krije. Fierders falt de kabareteske presintaasje en de ynteraksje mei it publyk op.
De kompakt skiven fan Douma en Douma
Douma en Douma hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.
|