De beamlange Grinzer Fries Meindert Talma (1968) is net allinne troch syn lingte in opfallende ferskining. As muzikant (toetsenist/sjonger) en skriuwer makket hy yndruk mei syn sterk persoanlike teksten en syn bysûndere Nederlânsk- en Frysktalige ferskes.
De ynfloeden binne noch altyd like ûnferwacht: Bach (fanôf syn tsiende krige Meindert Talma sân jier klassike oargelles), Lou Reed, de pleatslike gospelband, Johnny Cash en de betiide new wave fan begjin jierren 80, om mar ris wat te neamen.
Meindert Talma is ek aktyf as kolumnist yn de Ljouwerter krante.
De kompakt skiven fan Meindert Talma
Meindert Talma hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.
De boeken fan Meindert Talma
Meindert Talma is de skriuwer fan ûndersteande boeken.
|