De Fryske Winkel
Brûkersnamme:
Wachtwurd:
Unthâld myn gegevens
French Connection
French Connection


French Connection begûn yn de jierren tachtich ûnder de namme Rhythm Future. Hja meitsje akûstyske muzyk. De groep bestie tidens de oprjochting út gitarist Melvin van Eldik, kontrabassist Oeds Bouwsma en gitarist Jan Buis. Yn dy gearstalling diene hja yn 1991 mei oan Liet ûnder de namme Rhythm Takomst mei it nûmer It sil nea mear sa wêze sa as it wie.

Yn 1992 waard de namme feroare yn French Connection. Yn 1993 folge Eddie Mulder (1959) Jan Buis op. Yn 1995 wûn French Connection it Liet Festival mei Iselmar. French Connection bestie doe út Oeds Bouwsma (kontrabas en sang), Melvin van Eldik (gitaar en sang), Eddie Mulder (gitaar en sang) en Richard Veldman (drums). Net lang dêrnei levere it kwartet de priis wer yn omdat der mooglik sprake wie fan plagiaat. Ruud Vleij (Schiedam 1965) folge dêrnei Oeds Bouwsma as bassist op.

De kompakt skiven fan French Connection

French Connection hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.

Iselmar1995€9,99
Tsien jier LIET2000€13,99
Fryslân Muzyklân 22001€13,99
Simmer yn Fryslân2010€11,49
 
Kopyrjochten © 2009 - 2012 Thaeke.com - Alle prizen binne ynklusyf btw en ferstjoerderskosten (binnen Nederlân)