Wietske Laverman sjongt al sûnt har bernetiid. Yn har jeugd gie sy by in koar en rekke dêrby yn kontakt mei dirigint Rinke Schroor, wêrmei't sy letter it duo Rinke & Wietske foarmet. Dit duo die yn 1994 mei oan de Soundmixshow fan Hennie Huisman. Wietske skriuwt pakkende Fryske teksten dy't troch Rinke dêrnei foarsjoen wurde fan in moaie melodij. Yn 2007 falt it doek foar it duo Rinke & Wietske. Wietske falt werom op har earste grutte muzykleafde, de countrymuzyk. Troch de jierren hinne hat sy in soad ûnderfining mei it oersetten fan teksten nei har memmetaal, it Frysk, ta. Sa wurket sy ta nei in nije sjo mei bekende en minder bekende countryklassikers dy't stik foar stik nei it Frysk oerset en bewurke binne. Country-Wytske is de namme wêrûnder Wietske Laverman ein 2009 har earste optredens fersoarget.
De kompakt skiven fan Country Wytske
Country Wytske hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.
|