N.N.B. is yn 2007 ûntstien. De trije bandleden Wilco Kingma, Gosse-Pieter de Vries en Brend Kingma spilen yn oktober 2007 as gelegenheidsband op it benefytkonsert Oxxpop yn Dronryp. Nei dizze jûn besletten se om as band fierder te gean, se studearje in punk/rock set yn om as coverband spylje te kinnen. Der waard ek gau eigen wurk oan it repertwaar taheakke. It eigen wurk blykt oan te slaan by it publyk en de band giet mei it eigen wurk fierder. De slogan fan N.N.B. is dan : Rock & Beuke! N.N.B. wurdt sjoen as de nije Fryske Rock & Beukband mei ynfloeden fan Drop Kick Murphys, Strawelte en Bombarje.
De kompakt skiven fan N.N.B.
N.N.B. hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.
|