Henk Alkema (20 novimber 1944, Harns) studearre piano oan it Koninklijk Conservatorium yn De Haach by Léon Orthel. Yn 1976 studearre hy orkestdirectie by Willem Frederik Bon en dêrnei by Zolt Deaky en Huub Kerstens. Tidens syn stúdzje waard hy aktyf as pianist yn de wrâld fan Jazz en ymprovisaasje. Tegearre mei fibrafonist Lodewijk Bouwens rjochtte hy, noch tidens de stúdzje, it Lody Bouwens-Henk Alkema kwartet op. Hy wie pianist fan de ferneamde Chris Hinze Combination dêr't tal fan LP's mei makke waarden. Letter makke hy ferskate opnamen foar ferskate omroppen ûnder eigen namme en mei eigen besetting. Hy wie mei-oprjochter en komponist/pianist fan de teatergroep Honoloeloe (mei Hessel van der Wal, Rob van de Meeberg en Robert Broekhuis) en wie "composer in residence" by de teaterselskippen SATER yn Amsterdam en THEATER yn Arnhim. Foar de balletgroep WERKCENTRUM DANS skreau hy in oantal balletten tegearre mei Hans Tuerlings. Foaral SUSKE en WISKE en QuaQuaraQua luts in soad oandacht. Foar en mei Edwin Rutten skreau hy symfoanyske muzyk foar bern dy't hy útfierde (as dirigent) mei hast alle profesjonele symfonyorkesten fan Nederlân. Hy dirigearde koaren (Sneker Cantate Koor en Concordia út LJouwert) en wie inkelde jierren de fêste dirigent fan it Frysk Blazers Ensemble. Yn 1978 waard hy dosint op de Muziek Pedagogische Academie yn Ljouwert en yn 1983 dosint op it Utrecht Conservatorium. Letter waard hy koördinator Lichte Muziek en fan 1994 oant 1996 wie hy waarnimmend direkteur. Oant syn pesionearing yn 2007 wie hy haadfakdosint compositie oan it Utrechts Conservatorium.
Hy wie 'visiting artist' op Berklee College of Music yn Boston en op de School of Fine Arts fan de Universiteit fan Montana. Hoewol't Alkema him al op jeugdige leeftiid mei komponearjen dwaande hold, begûn it pas echt foarm oan te nimmen doe't hy op 25-jierrige leeftiid by de omrop telâne kaam as studiopianist, komponist en arrangeur. Hy spile gauris yn it Metropoolorkest mar ek trede hy solo op. Fan 1979 oant 1984 komponearre hy yn opdracht fan de AVRO muzykriedsels foar it radioprogramma Op een klein stationnetje, in berneprogramma oer klassike muzyk. Hy hat in sterke affiniteit mei it teater yn al har ferskiningsfoarmen. Foar sawol de scenische as de fisuele media hat hy in grut oantal komposysjes makke; hy komponearre ûnder oare foar Cabaret Honoloeloe, Tryater, teaterselskip Theater yn Arnhim en toanielgroep Sater út Amsterdam en teatergroep NOORDNEDERLAND. Hy skreau de muzyk foar de televyzjefilms Klaaglied om Agnes en De moeder van David S. Hy komponearre (op in libretto fan Mark Valencia) de opera Rixt, dy't yn 1995 yn de nije Harmonie yn Ljouwert yn premjêre gie yn oanwêzigheid fan HM Koningin Beatrix. Yn 2000 komponearre hy foar it ferneamde Aurelia Saxofoon Kwartet MATER DOLOROSA. Yn septimber 2004 gie de opera Bonifatius op in libretto fan Peter te Nuyl yn Ljouwert yn premjêre. Foar Ron Jagers komponearre hy op in libretto fan Guido de Wijs de Limousine-opera “De Invitatie”. Syn komposysje All in Good Time (2006-2007), foar Euponium en Harmonieorkest waard skreaun foar Harm Vuijk.
Yn tarieding de opera Lou de Palingboer op in libretto fan Peter te Nuyl. Yn 2006 krige hy de BERNLEF-priis foar syn opera BONIFACIUS.
Syn wurk bestiet út: keamermuzyk, balletmuzyk, filmmuzyk, symfoanyske muzyk, teatermuzyk, songs, liederencycli en muzyk foar symphonic band en Fanfareorkest.
De kompakt skiven fan Kombo Henk Alkema
Kombo Henk Alkema hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.
|