De Fryske Winkel
Brûkersnamme:
Wachtwurd:
Unthâld myn gegevens
Nynke Laverman
Nynke Laverman


Nynke Laverman (14-04-1980) komt út Weidum en studearre yn 2002 ôf oan de Akademie voor Kleinkunst yn Amsterdam. Har staazje folge se as aktrise by it toanielselskip Tryater, dêr 't sy letter yn meardere foarstelllings te sjen wie.

Yn 2003 besleat Tryater har plan foar in teaterkonsert mei fado's yn it Frysk te produsearjen. It Frysk is har memmetaal en de fado (in tradysjonele Portugese muzykfoarm) hie har hert stellen. Sielesâlt gie yn premiêre en krige in waarme ûntfangst fan parse en publyk. Nynke song yn ferskate tv-programma's mei as hichtepunt har optreden foar keninginne Beatrix yn de tv-show ter eare fan har 25-jierrich regearingsjubileum. It album Sielesâlt waard op 5 juny 2004 presintearre yn Ljouwert en hat yntusken de gouden status berikt (35.000 ferkochte eksimplaren).

Nei in koarte lanlike toernee, spile Nynke de titelrol yn it stik Lytse Fûgel (Little voice) by Tryater wêryn 't sy yn har rol de stimmen fan grutte sjongeressen lykas Judy Garland en Edith Piaf imitearre. Yntusken wienen de tariedings foar har twadde programma yn folle gong. Tegearre mei dichteres Albertina Soepboer gie sy nei Meksiko en dêr ûntwikkelen sy it konsept en de teksten foar De Maisfrou. Yn novimber 2005 belibbe dizze foarstelling syn premiêre yn de Kleine Komedie yn Amsterdam en yn maaie 2006 kaam it lyknammige album út. Nynke krige by de presintaasje fan it album de Piter Jelles-priis, in literêre priis foar har oersettingen fan de gedichten fan Slauerhoff dêr 't Sielesâlt út bestie.

Yn 2006 gie de spylfilm Het Zwijgen fan André van der Hout en Adri Schrover yn premiêre op it Rotterdams Filmfestival. Nynke har stim spilet hjir in haadrol yn; sy sjongt de soundtrack en spilet in byrol yn de film.

De Maisfrou toerde twa seizoenen lâns de Nederlânske teaters en waard yn juny 2007 ôfsletten mei De Nacht van De Maisfrou. Dizze lêste foarstelling yn de Teatertún yn Riis waard fêstlein en ein 2007 op DVD en CD útbrocht. Earder dat jier brocht Nynke de singel Hambre del alma út en spile en song sy de titelrol yn de muzykteaterproduksje Cecilia fan Orkater.

In nij hichtepunt wie it konsert yn it Concertgebouw yn Amsterdam op 24 july 2007. Nynke stie hjir mei har muzikanten foar in seal dy't oant de lêste stoel ta beset wie.

It jier 2008 stie foaral yn it teken fan it ûntwikkeljen fan har nije projekt NOMADE, dat begûn mei in reis nei Mongoalië en har ferbliuw by in nomadefamylje dêr. Fierder wurke sy yn de tuskentiid mei oan in tal koarte projekten lykas 'Fadoblue', 'Een nieuwe jas' (TV), 'In de ban van Bannink' mei Holland Symfonia en 'Leonard Cohen yn it Frysk' (CD/DVD). Ek joech sy konserten mei it Magogo Kamerorkest, it NNO en it Metropole Orkest.

De kompakt skiven fan Nynke Laverman

Nynke Laverman hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.

Tsien jier LIET2000€13,99
Sielesâlt2004€11,99
It bêste út de Fryske top 100 fan Omrop Fryslân2006€15,99
Droemvlucht2007€6,99
It bêste út de Fryske top 100 fan Omrop Fryslân 22007€15,99
De nacht fan de maisfrou2007€11,99
De maisfrou2008€16,50
Cohen in het Fries2008€14,99
Nomade2009€11,99
 
Kopyrjochten © 2009 - 2012 Thaeke.com - Alle prizen binne ynklusyf btw en ferstjoerderskosten (binnen Nederlân)