Reinout waard berne op 7 jannewaris 1975 yn Rûgehuzen. Letter dat jier ferhûzen hja nei De Bildt. Yn 1977 wennen hja op de Lemmer en sûnt 1983 yn Boalsert.
Yn 1986 krige Reinout syn earste gitaar. Hy moast him noch wol diele mei syn broer Freddy. Op it Titus Brandsma Kolleezje yn Boalsert joech Reinout syn earste optredens. Letter foarme hy mei syn freonen Willem Elzinga (toetsen) en Michel Sanchez Infante (sang) in bandsje. Ek fanút de muzykskoalle ûntstiet in bandsje dêr't mei optreden wurdt op de Heamieldagen. Wannear't broer Freddy op 31 desimber 1988 syn stim kwyt is stelt hy foar om Reinout yn te setten as sanger. Rap de nûmers eigen meitsje en dy jûns mei de Kessels (skoalband) yn 'Ons Gebouw' te Boalsert foar it earst optrede foar in folle seal.
Yn 1990 spilet Reinout foar it earst as beropsmuzikant op in besletten feest tegearre mei broer Freddy Weima, Willem Horjus en Wout Mulder. Sûnt dy tiid gauris op paad. Yn 1991 spile hy yn de band Expo. Hja spilen yn feesttinten en grutte sealen en stiene ûnder oare yn it foarprogramma fan Normaal en De Dijk. Expo hie in eigen oefenromte dêr't ek in demo opnaam waard. Tegearre mei Werner Draaisma treedt hy op as Erney & Werney yn kroegen en sealtsjes. Ek wurde dan de earste ferskes skreaun: It isn't a dream en Moon Baby, dy't pas yn 2003 fêstlein wurde. Nei trije jier 5 havo kaam Reinout op de Pabo telâne dêr't syn gitaar ek wol fan pas kaam. Yn 1996 fersoarget Reinout de twadde stim op de kompakt skiif fan De Wjukkels. Ein 1996 fynt ek it earste optreden plak fan duo Weima & vd Werf. Yn de rin fan 1997 stapt Reinout út Expo. Yn 1998 skriuwt Reinout 'Deze Stad' wêrnei't er dit nûmer sels oerset yn it Frysk, in taal dy't him net eigen is. Mei 'Dizze Stêd wint er tegearre mei syn broer Freddy de publykspriis.
Troch de winst op Liet wurdt it nûmer in soad draait. Ek binne der genôch optredens. Neidat de Pabo ôfrûne mei Reinout les jaan mar hy wol earst noch wol wat muzyk meitsje. Yn 2001 starte de opnames foar de earste ks fan Weima & vd Werf, tegearre mei Remko vd Haring en Pieter de Vries. 'Crossroad Blues' wurdt in radio-hit by Omrop Fyslân.
Der komt ek in bandnamme foar Weima & vd Werf + band: Weever. Tegearre mei Elmer Bergstra en Percy Hoff.
De kompakt skiven fan Reinout Weima
Reinout Weima hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.
|