De Fryske Winkel
Brûkersnamme:
Wachtwurd:
Unthâld myn gegevens
The Visitor
The Visitor


The Visitor begjint mei it útelkoar fallen fan Nighttime Visitor. Ernst Langhout en Bertus de Blaauw gean tegearre mei Brian van Montfoort en bassist Tjeerd Folmer fierder as The Visitor. De muzyk is ynspirearre troch Britse new wave-groepen lykas The Cure en Joy Division. De groep stiet tegearre mei The Toylets en Social Security oan de basis fan in stream oan Fryske bands dy't ûnder de namme Friese Bries in soad omtinken krije. Yn 1984 ferlit Tjeerd Folmer de band. Hy wurdt ferfongen troch Wierd Duk. Yn 1987 spylje se in pear kear yn Ruslân. Mei liende ynstrumenten en oer de lûdsynstallaasje fan in pleatslik hotelorkest litte hja fan har hearre. Yn 1988 falt The Visitor útelkoar.

De kompakt skiven fan The Visitor

The Visitor hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.

Frisian Airplay II1997€19,99
 
Kopyrjochten © 2009 - 2012 Thaeke.com - Alle prizen binne ynklusyf btw en ferstjoerderskosten (binnen Nederlân)