De Fryske Winkel
Brûkersnamme:
Wachtwurd:
Unthâld myn gegevens
Umberto di Bosso é Compadres
Umberto di Bosso é Compadres


Yn de simmer fan 1984 freget The Visitor-manager Arina van Dijk oan Lammert Voos en Jan Folmer oft sy ek yn it foarprogramma stean wolle fan Claw Boys Claw yn it Bolwurk yn Snits. Voos en Folmer spilen earder al ûnder de namme Blacklung & Yellowliver tegearre mei middelbiere skoallefreon Peter Moed as drummer en Voos syn freondinne Robijn Niemeijer op saksofoan. Voos en Folmer betinke it rinnende klisjee Umberto di Bosso, in ranzige sanger op retoer dy't it mei de fatsoensnoarmen net sa nau nimt. Peter Moed is fan oarsprong gitarist en dêrom wurdt The Visitor-drummer Bertus de Blaauw frege om efter de kit te sitten. Elkenien tinkt dan dat it om in ienmalich projektsje giet. It optreden blykt in grut súkses en it publyk wol mear dat Claw Boys Claw sanger Peter te Bos skopt se persoanlijk wer it poadium op. Foaral de cover A Forest fan The Cure slaat enoarm oan. Snits is wer in romrofte garagerockband riker. Peter Moed fjild him hieltyd minder lokkich en dus stoppet hy dermei. Robin van Velzen nimt it fan him oer. De relaasje tusken Voos en Niemeijer rekket út en dus ferlit Niemeijer de band. In trompettist, Sybolt Kamstra en in tromboanist, Johan Skuufmongool folge har op. Op 26 desimber 1988 jout de groep har ôfskiedskonsert yn it Bolwurk yn Snits, dêr't it allegear ek begûn wie.

De kompakt skiven fan Umberto di Bosso é Compadres

Umberto di Bosso é Compadres hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.

Frisian Airplay II1997€19,99
 
Kopyrjochten © 2009 - 2012 Thaeke.com - Alle prizen binne ynklusyf btw en ferstjoerderskosten (binnen Nederlân)