Op har fjirtjinde begûn Grytsje mei gitaarspyljen, omdat sy harsels by it sjongen graach begeliede woe. Sy hat doe in jier as wat hiel yntensyf mei muzyk dwaande west. Oant har 25ste ta hat sy yn allerhanne groepkes spile en songen. Doe kaam de tiid fan gesin, bern, wurk en oare dingen. No pakt sy de tried wer op. Har hiele libben hat sy al graach songen, mar sûnt in jier as sân is it mear as allinne mar frije tiidsbesteging. Sy hat doe kursussen folge foar amateur-koar-dirigint, en dêrnei hat sy inkelde jierren sjonglessen folge. Yntusken kaam fan it iene it oare. Yn 2003 is sy út ein set mei it âldereinkoar fan Heremastate op It Hearrenfean, yn 2006 folge frouljuskoar Brûzenije fan De Jouwer. Yn 2005 begûn it muzyktrio Skarnoaten, dêr't sy by sjongt en gitaarspilet. Fierder hat Grytsje yn ferskillende koaren en projektkoaren songen. Yn 2008 hat sy besletten om noch mear mei muzyk te dwaan, al is it dan net op it mêd fan koarmuzyk: Hja hat in kursus lietteksten skriuwe folge en hat har talein op it meitsjen fan eigen Fryske lieten. Sa stadichoan groeide de winsk om in eigen lietsjesprogramma te meitsjen. Mear as 20 eigen lieten binne no klear. Ek makket sy sa út en troch by gedichten fan Atze Bosch in meldij. Sy treedt allinne op, mar ek tegearre mei Rob du Jardin út Amsterdam.
De kompakt skiven fan Grytsje Kingma
Grytsje Kingma hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.
|