Brûkersnamme:
Wachtwurd:
Unthâld myn gegevens
De hûnekop
De hûnekop


Fan 2008 oant 2009 raasde de Hûnekop yn in âld auto troch Austraalje mei oars neat as Hank Williams en Johnny Cash yn 'e ks-spiler. Nei dat er yn Surfers Paradise in gitaar kocht hie, begûn er te tokkeljen. Unwennich fan it Heitelân makke er ferskes yn ûnferfalske fryske arbeiderstaal. Jierren fan âldhoere op skipswerven en syn wâldske eftergrûn wiene syn ynspiraasje. Thús kaam hat er drekst twa maten, ien dy't drumde en ien dy't kontrabas spile, út 'e kroech helle. Under it genot fan in kratsje bier begûnen hja te spyljen en de band wie in feit. De mannen binne net benaud foar grutte kloften, mar steane likeleaf yn kroechjes, op feesten of in brulloft. Akoestysk as fersterke, it makket harren gjin sek út. De Hûnekop is net mear as in tillefoantsje, in kratsje bier en in pear daalders bij jim hûskeamer wei!

De kompakt skiven fan De hûnekop

De hûnekop hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.

Raast oan 'e protters2010€15,99
Fryske Cash2011€17,49
Wanklanken fan 'e wurkflier2011€15,99
Psalms foar de rûchhouwer2012€15,99
It bêste út de Fryske top 100 fan Omrop Fryslân 42012€16,99
De beuk deryn!2012€16,99
 
Kopyrjochten © 2009 - 2013 Thaeke.com - Alle prizen binne ynklusyf btw en ferstjoerderskosten (binnen Nederlân)