Hermien woe as lyts famke al sangeres wurde. Op har tsiende begûn sy al mei sjongles. Yn 2002 wûn Hermien it Vara's kindersongfestival.
Dêrnei die Hermien oan mannich lyts projektsje mei. Sa hat sy ferskate berneskyfkes folsongen lykas Deuntsjes foar dy en Tomke. Yn Amsterdam die Hermien mei oan in scholierentour ûnder begelieding fan de ferneamde pianist Jan Vayne. Hermien hie in foarleafde foar musicals. De musical: Kunt u mij de weg naar Hamelen vertellen meneer waard in grut súkses.
Ek hat Hermien mei dien yn in grut koar mei de namme: The Young Princess Stars for Child Right ûnder lieding fan Jan Peter Janssen en Maaike Widdershoven. Yn Feankleaster die Hermien mei oan in iepenloftspul: Verborgen Legende. Yntusken gie Hermien op pianoles by Dhr. R. Ferwerda út Drachten. Ek mei de sjonglessen gie it hiel goed. Hermien har muzykstyl is Ingelskstalich en licht jazz/pop. Sa no en dan weaget sy har ek oan in Frysktalich projekt. Sa die sy mei oan it Leonard Cohen Project. Tegearre mei de ferneamde Fryske troebadoer Piter Wilkens song sy it nûmer: Libben, libben. (Lover, lover). Yn April 2009 die Hermien tegearre mei de band Swartbûnt mei oan Liet.
De kompakt skiven fan Hermien Swart
Hermien Swart hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.
|