Eddy Dykstra waard berne op 31 desimber 1948 yn de Jouwer. Hy wie de soan fan Sjoerd Dijkstra en Elizabeth Idsinga. Yn maart fan 1949 emigrearen hja mei de "Marine Shark" nei Kanada. Ids wurdt Eddy.
Yn oktober fan 1959 komt Eddy werom nei Fryslân mei Mem, Thelma, Lowell en Harvey. Neidat Eddy syn heit yn it jier dêr foar ferûngelokke wie it better dat de famylje werom gie nei Nederlân, sa as dat doetiids hjitte.
Eddy song in protte en spile al op syn earste bakkeliten blokfluit. Ek wie hy tamboer by it korps CSC op 'e Jouwer.
Letter ek paukenist en in lyts skofke tamboer-maitre. Yn 1964 begûn Eddy te oevenjen op in gitaar, dy't Eddy liene mocht fan in famke út Langwar.
Eddy hat in hiel soad yn de muzyk dien. Hy hat dirigent west fan tal fan koaren.
Yn 1992 komt Eddy yn de finale fan Liet. De sjuery fynt Myn nûmer ien in echt songfestivalliet. Hjirmei hat Eddy syn earste stappen setten op it mêd fan de Frysktalige musyk. Yn septimber 1993 docht Eddy foar it earst mei on it 16e
Tsjoch - festival yn Drachten. Hy treedt op mei syn band : ED Dee & D mei begelieding fan : sologitaar: Lolke Eijzinga, bas: Lourens Reitsma, drums: Eelco Sixma, sang: Grytsje v.d.Veer en Henny van Veen, saksofoan: Peer van Putten en sologitaar: Rik Dykstra.
Sûnt 1972 giet Eddy foar it earst wer nei Kanada werom.
Joop Feenstra fan Telesound Studio út Ljouwert noeget Eddy út om it nûmer "Bliuw do by my" yn harren studio op te nimmen.
Hy docht dit mei de begelieders fan syn band Eddy-en-dy. It nûmer komt op de sammel-CD "Hit-Festival, diel 2". Eddy brûkt hjir noch syn artystenamme ED dee.
In identiteitskrisis set it libben fan Eddy op syn kop. De band Eddy-en-dy hâldt op fan bestean. Der komt op'e nij oandacht foar de gitaar.
Yn 1997 beslút Eddy wer op te treden, mar dan wol as solist/sjonger.
Syn earste optreden as ED dee wie yn Winsum (Gr) by V.V.Viboa. Op de CD "De bêste fan Omrop Fryslân, diel 3" komt it nûmer Sa Leaf te stean, dizze kear foar it earst as Eddy Dykstra.
Op 1 oktober mei Eddy by de presintaasje sjonge fan it
Simmer-2000 komitee, û.l.f. Henk Kroes.
Eddy stelt him foar oan de Fryske parse. Yn maaie 1999 wurdt de mini-CD "Efkes Werom" opnommen yn
Studio Giekerk. Op it Slotfestijn fan Simmer 2000 treedt Eddy op nei ôfrin fan it offisjele gedeelte, tegearre mei û.o. "Cajun Beano". Ek yn de Simmer ferlient Eddy syn meiwurking oan it ta stân kommen fan de offisjele Simmer 2000fideo, yn gearwurking mei Omrop Fryslân en Nieuws-TV. Eddy Dykstra docht de interviews mei in 3-tal gasten út Kanada, USA en Australië.
Op 31 maart sjongt Eddy foart it earst it Frysk folksliet à cappella
foar 14.000 minsken yn it Abe Lenstra Stadion. Dêrnei folgert in optreden yn de foyer.
De kompakt skiven fan Eddy Dykstra
Eddy Dykstra hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.
|