Mannemoed is de artystennamme fan Lammert van der Velde en dy. Lammert is in Fryske sjonger/ferskeskriuwer en hy wennet yn Amsterdam. Yn syn jonge jierren hat er inkelde gitaarlessen hân. Syn learaar hie al flot troch dat Lammert sels rapper learde dan ûnder syn begelieding. "Do hast der wol gefoel foar" sei hy nei twa lessen, "doch it sels mar".
Lammert wie mannich jier yn Ljouwert op strjitte te finen as strjitmuzikant. Dêr spile hy covers fan Bob Dylan, Loudon Wainwright III, Donovan en Boudewijn de Groot.
Yn 1996 besocht Lammert het Dranouter festival in België. Op 'e kemping dêr't hy kampearde spile hy inkelde ferskes. Dit bleau net ûnopmurken. De programmeur fan it festival "The Happy Folknight" frege him oft hy dit festival iepenje woe. Fan doe ôf begûn hy mei it skriuwen fan eigen teksten. Yn 1998 kaam syn earste kompakt skiif út mei de namme Feroaring.
Yn dat selde jier ferhûze Lammert nei Amsterdam. Nei in perioade mei ferskillende muzikanten hat er fia fia de akkordeonist Peter Arends moete. Dat bliek in gouden kombinaasje te wêzen. Der wie no genôch ynspiraasje foar de ks Stimmingen. It duo waard foar dy gelegenheid útwreide mei sân muzikanten.
Nei de KS presintaasje die bliken dat de behoefte om mei in fêste groep te spyljen sa grut wie dat Mannemoed no in fêste besetting hat fan fiif hecht samenspyljende muzikanten.
De kompakt skiven fan Mannemoed
Mannemoed hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.
|