Irolt wie in Fryske muzykgroep dy't yn 1975 oprjochten waard. Fanôf it begjin wie Nanne Kalma (gitaren, banjo, mandoline, autoharp en sang) de driuwende krêft. Yn de earste besetting spilen ek Geppy Haarsma (akkordeon) en Hans Kerkhoven (gitaren) mei. Yn it begjin spilen ek George Snijder (drums) en Aart Kuyt mei. Soms spile Piet Kok mei.
Sûnt 1980 wiene Sytze Wagemakers (akkordeon) en Jan Ottevanger (basgitaar, gitaar en tuba) fan de partij. Oant 1983 wie Inez Timmer sangeres by dizze legendaryske folkgroep. Dêrnei naam Ankie van der Meer dy taak op har.
De earste lp fan de folkgroep, De Gudrun sêge mei teksten fan Sybe Krol, Jan Tulp en Herke Wijnalda krige al fuortdaalks lanlik omtinken. Yn 1984 brocht Irolt de lp Doarmje op 'e merk. Op dizze lp stiene teksten fan de Fryske dichteres Berber van der Geest. Irolt spile doe sels op folkfestivals yn Ingelân.
De groep stopte yn 1987. Sawol Nanne Kalma as Ankie van der Meer giene fierder mei Kat yn 't Seil. Kerkhoven gie fierder mei Kalis en Ottevanger bedarre yn Om 'e Noard.
De kompakt skiven fan Irolt
Irolt hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.
|