De groep Adri & Sa (soms ek skreaun as A3nSa) waard oprjochte yn 1991. Hja spilen bynammen lichte Fryske popmuzyk. De band bestie út Adri de Boer (toetsen, gitaar en sang), Martin Krist (sang, gitaar en akkordeon), Ad Bos (sang en drums), Johan Cnossen (fluit en saksofoan) en Leo Sluimer (bas). Ek hat Rik Lenten (saksofoan) syn meiwurking ferliend. Sluimer en Bos binne letter opfolge troch Wim Wever en Andries Oenema.
Adri & Sa stoppe yn 1999 en is doe noch koart troch gien ûnder de namme "Heechste Tiid".
De kompakt skiven fan Adri & Sa
Adri & Sa hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.
|