Skarl bestiet út de muzikanten Philippus Feenstra, Peter Kamping en Pieter Kurpershoek en makket alternative Frysktalige en Nederlânsktalige teatermuzyk. De namme Skarl komt fan de prosesmjittige wize fan wurkjen. Sa't ‘Jan fan ‘e Strjitte’ syn kostje byelkoar skarrelt, sa ek skarrelt Skarl de klanken, wurden en âlde ynstruminten by elkoar op syk nei de geur, de smaak en de kleur.
Skarl hat al mannich hichtepunt hân wat optredens oanbelanget. Sa wiene hja al op 3FM te hearren. Yn 2000 wûnen hja mei Jan fan 'e strjitte it festival Liet.
Skarl hat yn har bestean al muzyk makke en útfierd foar in ferskaat oan grutte en lytsere teaterproduksjes. De meast bekende wiene: Ajaks (1998, mei SULT),
Biedermann en de Brânstichters (2000, mei Janny van der Veen) en Breewar (2002, mei de Paupers).
Yn 2004 spile Skarl yn it muzykteaterprogram ‘Skilderij’, wêrfan't de muzyk fêstlein is op kompakt skiif. Op basis fan dizze foarstelling en de ks, is Skarl yn 2005 nominearre foar de Fryske poppriis. Ek waard Skarl nominearre foar de Bernlefpriis yn 2002, foar de bysûndere foarmjouwing fan de produksjes en de frisse muzikale oanpak.
Yn augustus 2005 hat Sjoerd Kramer Skarl ferlitten en sûnt novimber 2005 is Peter Kamping dêrfoar yn it plak kaam.
De kompakt skiven fan Skarl
Skarl hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.
|