De Fryske Winkel
Brûkersnamme:
Wachtwurd:
Unthâld myn gegevens
Kramtried

Kramtried

“Wat in kramtriedmuzyk is dit,” wie de fêste útspraak fan pake Tigchelaar silger as der stevige muzyk op ’e radio draaid waard. Mei oare wurden: hy  fûn it in alderferskuorrendste bult leven en hy koe it him net foarstelle dat lju dêr frijwillich nei harken. No't de band soksoarte fan muzyk no sels makket wie Kramtried wol in tapaslike namme foar de band. Dêr komt noch by dat de namme kramtried stiet foar in metalen tried, dy't foar kramjen brûkt wurde kin. Kramtried hâldt de boel sa te sizzen by elkoar. In twadde betsjutting fan kramtried is ‘stikeltried’. Sawol kwa muzyk as tekst wol de band harren harkers graach stikelje.

De band is begûn troch de bruorren Eibert (gitaar) en Geart (slachreau) Tigchelaar yn in fier en skier ferline. Troch de jierren hinne binne der al ferskate wikselingen west yn de bandformaasje. Foar de styl jildt itselde, in fêste styl wie der net. Mei de komst fan Anne Renze Stiemsma as sjonger en gitarist Nynke Tigchelaar as bassiste kaam der mear line yn ’e saak en boude it repertwaar him út. As lêste is Theun Hofman as perkusjonist derby kommen en sa is de formaasje no mei fiif man folslein. Dêrmei wol Kramtried in oar lûd hearre litte as de trochsneed metalband en dat fansels yn it Frysk. De band wol Fryslân dêrneist kennis meitsje litte mei de tredde betsjutting fan kramtried, en dat is: Lûd en hurd op syn Frysk!



De kompakt skiven fan Kramtried

Kramtried hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.

Kramtried2010€6,99
 
Kopyrjochten © 2009 - 2012 Thaeke.com - Alle prizen binne ynklusyf btw en ferstjoerderskosten (binnen Nederlân)