Jan Tekstra (4 augustus 1964) wennet sûnt 1998 yn Heech en is ferbûn oan de Universal Music Groep. Hy is gitarist en hy sjongt yn it Ingelsk, Nederlânsk en Frysk. Hy skriuwt ferskes foar himsels mar ek foar oaren lykas Marco Borsato, Liesbeth List, Herman Brood, Volumia en Loïs Lane.
Dêrneist is Jan Tekstra ek noch producer foar ûnderoaren Marco Borsato en Kane. Tegearre mei Fons Merkies makke hy de muzyk foar de musical Turks Fruit.
Jan Tekstra spile yn de bands Texx en In De Steen. Ek wurke hy mei oan in ks fan Piter Wilkens. Mei Monique Bakker song hy it duet Sûnder dy. Yn 2000 kaam syn earste singel en yn 2002 syn earste ks mei Fryske ferskes. Yn jannewaris 2003 folge Tekstra Syb van der Ploeg op as sjonger fan De Kast. Yn 2004 stoppen hja hjir wer mei.
De kompakt skiven fan Jan Tekstra
Jan Tekstra hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.
|