De Fryske Winkel
Brûkersnamme:
Wachtwurd:
Unthâld myn gegevens
Oerémis
Oerémis


Oerémis is in Frysktalige rhytm & bluesgroep dy't ein jierren tachtich startte ûnder de namme Bobbies Blues Band. Der spylje twa hûsdokters yn de band te witten Theo Douma (sang, piano, fender rhodes, en oargel) en Wim Douma (sang, elektryske gitaar en akûstyske gitaar). Fierders meitsje Eckhardt Dulfer (bas en elektryske gitaar), Erie Dam (slachreau) en Zwaanette Dykstra (sang, saksofoan en akkordeon) de band kompleet.

De bruorren Douma skriuwe sawol de muzyk as de Fryske teksten foar de band. It binne bynammen bluesy teksten wêryn't it oan humor net ûntbrekt. Neist rock en rhythm en blues bringe hja ek ballades.

De kompakt skiven fan Oerémis

Oerémis hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.

Siik stiif en mislik1999€13,99
Gjin nocht2002€15,99
Fryslân Muzyklân 42003€13,99
 
Kopyrjochten © 2009 - 2012 Thaeke.com - Alle prizen binne ynklusyf btw en ferstjoerderskosten (binnen Nederlân)