Anneke Douma waard berne yn Moarre-Ljussens. Hja begûn op har fjirtjinde jier as sangeres mei ferskate orkesten út de omjouwing op te treden op brulloften en partijen. Sy waard bekend doe't sy frege waard foar it doetiids tige ferneamde orkest fan de firtuoase akkordeonist Pier Sambrink, De Sambrinco’s. Hja treden op yn it hiele lân.
Sûnt dy tiid, hja wie noch mar achtjin, makke sy kennis mei it artystefak. Der waarden lp's útbrocht en sy moasten gauris foar radio en tv optrede.
Har earste solosingel wie in Jodellietsje “De Jodelschool“ dat se makke ûnder de namme Anneke Duma. Dit omdat de platebazen yn Hilversum de namme Douma te Frysk fûnen. Lokkigernôch kaam se rap werom yn it Heitelân. Al jierren treedt sy no op mei Frysk repertwaar fan bekende, gesellige âlde en nije lietsjes.
Nei har hit “It Woanskip“ brocht sy yn july 1996 har kompakt skiif “Op Aventoer“ út, mei dêrop in útfiering fan it Frysk folksliet. De belangstelling fan publyk en parse wie oerweldigjend. Doe't yn jannewaris 1997 de alvestêdetocht riden waard, ûntstie der yn hiel Nederlân in soart gekte. It nûmer Bonkefeart waard doe bombardearre ta alvestêdetochtliet en Anneke krige de titel “Keninginne fan it Fryske liet“.
De kompakt skiven fan Anneke Douma
Anneke Douma hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.
| Sjongt | 1990 | €15,99 | | | Moai sûnder wjergea | 1992 | €15,99 | | | Frysk hit festival | 1992 | €15,99 | | | Toppers út Fryslân diel 1 | 1993 | N.F.T. | | | Frysk hit festival 2 | 1997 | €10,99 | | | Elfstedentocht hits | 1997 | N.F.T. | | | De woanark | 1997 | N.F.T. | | | As in stjer | 1997 | €9,99 | | | Trochstrings & Ko | 1998 | N.F.T. | | | De hits fan Radio Yllegaal | 2000 | N.F.T. | | | Ald en nij | 2001 | €13,99 | | | Ald en nij 2 | 2001 | €13,99 | | | 't Woanskip | 2003 | €12,99 | | | Frysk hit festival 3 | 2005 | €15,99 | | | Nim my sa't ik bin | 2007 | €15,99 | | | Fryske music night 2007 | 2008 | €16,99 | | | Dream mei my | 2009 | €15,99 | | | Moaie eagen | 2010 | €7,99 | | | Fryske Cash | 2011 | €17,49 | |
|