Begûn as Ingelsktalige band út De Peel is Rowwen Hèze de ôfrûne jierren útgroeid ta ien fan de grutten út de Nederlânske popmuzyk. En dat alles mei ferskes yn it Limburgsk...
Yn 1992 beleefde de band in lanlike trochbraak mei optredens op Pinkpop en de Amsterdamse Uitmarkt. Beide konserten waarden live op TV útstjoerd. Sûnt dy tiid spilet Rowwen Hèze jitris twa kear op Pinkpop, mar ek op oare grutte festivals, lykas Lowlands, Parkpop (De Haach) en it Deenske Roskilde. Dêrneist spile de band mei it Metropole Orkest (1996) en hja fersoargen de iepening fan it Holland Festival (1998). Legendarysk wie ek de gearwurking mei Los Lobos yn it program PardisoLife! (1999), it optreden as support act fan The Rolling Stones tidens de Bridges to Babylon-tour (Landgraaf, 1999) en de útferkochte konserten by de ôfsluting fan it tweintich jierrich bestean fan de band yn de Heineken Music Hall yn Amsterdam (2006).
Yn al dy jierren kaam de band yn tûzenen feesttinten mei in repertwaar fan de pleatslike fanfare, rock, hoempamuzyk en Tex Mex. Neist dizze feestkant ûntstie ek hieltyd mear belangstelling foar it oare gesicht fan de band: dat fan de melangolike ballades. Yn 1997 toerden hja dêrom troch de teaters.
Rowwen Hèze sleepte inkelde grutte popprizen yn de wacht. Yn 1993 krige de band de sulveren harp, yn 1999 ek de gouden harp. Earder mocht Rowwen Hèze fan de Nederlânske Toonkunstenaarsbond al de Gouden Notekraker yn ûntfangst nimme. Yn de maaitiid fan 2007 krijt Jack Poels de titel bêste sanger fan Nederlân.
De band bestiet út Jack Poels (sang, gitaar, banjo), Martîn Rongen (drums, perkusje), Jan Philipsen (basgitaar), Theo Joosten (gitaar, mandoline, vihuela, sang), Jack Haegens (trompet, bugel) en Tren van Enckevort (akkordeon, piano, trombone, sang, perkusje).
De kompakt skiven fan Rowwen Hèze
Rowwen Hèze hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.
|