Sytse van der Werf is berne op 10 maaie 1951 yn Burgum. Yn de Skoalstrjitte neist de Pleats tsjinoer it âlde kafee wêr’t Harmen Sytstra jierren earder wierskynlik it liet skreau “Moai sûnder wjergea binne de wâlden” Al gau ferhuzen hja nei Drachten en letter nei Dokkum, wêr’t Sytse nei de legere skoalle fierder gie op it lyseum Oostergoo. Fakânsjes brocht Sytse faak troch op Skylge.
Yn it jier 1968 gie Sytse nei Grins om te studearjen. Hurd studearje fansels mar ek in soad protestearje tsjin alle maatskiplike misstannen.
Nei in blauwe moandei yn it leger waard Sytse learaar ekonomy en dat is hy noch altyd. De lêste jierren wennet Sytse yn Kûbaard, in moai lyts doarpke flakby Wommels.
Sytse trede foar it earst op yn 1975 op in soarte fan sjongfestival yn Easterein mei it liet “Jan Schotanus” wat gie oer de feroarings op it plattelân. Omrop Fryslân makke dêrnei regelmjittich opnamen en Sytse waard faak frege om op te treden. In jier lang wie ik ek in fêste lietsjessjonger (skriuwer) by de Grutte Pier Show fan Radio Fryslân.
Oan it ein fan de tachtiger jierren waard it optreden geandewei wat minder. In hiel skoft waard troch in gebrek oan nocht net optreden. Sytse bleau lykwols wol skriuwen.
Dat feroare sawat yn it jier 2005 doe’t er op oantrún fan syn maat Doede Bleeker syn earste KS opnaam dy’t útkaam ûnder de titel Ljocht en Skaad. Sûnt dy tiid treed Sytse wer in soad op, allinne mar ek faak mei Johan Keus, Hans Battenberg en Bert Otten. Mei dy lêsten waard ek in muzykprogramma makke mei as titel Underweis dat op 13 april 2007 yn de Bidler yn Wergea yn premjêre gien is. Fan de lieten út dat programma is ek in ks útkaam.
De kompakt skiven fan Sytse van der Werf
Sytse van der Werf hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.
|