De Fryske Winkel
Brûkersnamme:
Wachtwurd:
Unthâld myn gegevens
Bennie Huisman
Bennie Huisman


Bennie Huisman is sa't er dat sels seit fan dy moaie simmer fan 1947. Hy is opgroeid op it Hearrenfean, doe noch in moai doarp, no wat omheech fallen. Hy wennet dêr noch altyd. Bennie hat yn syn libben oant no ta fan alles by 't ein hân. Fan opliedingen yn muzyk, technyk en talen oant spul & teater. Hy hat learaar west en koardirigent. Op dit stuit komt er troch de tiid as sjonger & ferteller, muzikant en skriuwer, mar dêrneist ek as bouwer & pieler, útfiner, omswalker, heit & leafhawwer.

As sjonger & ferteller wurket er no sa'n 25 jier op útienrinnende plakken: fan húskeamer oant teater, fan ferpleechhûs oant tsjerke, fan strjitte oant boat, fan Raard oant Rome en fan Balk oant Berlyn. Syn eigen lietsjes skriuwt er yn it Frysk, it Stedfrysk en it Nederlânsk. Dêrneist mei er graach wat fiskje yn oare talen: Grunningsk, Dútsk, Italiaansk, Ingelsk. Sa wurde gauris fergetten lietsjes mei somtiden nijsgjirrige ferhalen der om hinne fûn.

De kompakt skiven fan Bennie Huisman

Bennie Huisman hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.

De bêste fan Omrop Fryslân1992€15,99
De bêste fan omrop Fryslân diel 21993N.F.T.
Lietsjes1995N.F.T.
 
Kopyrjochten © 2009 - 2012 Thaeke.com - Alle prizen binne ynklusyf btw en ferstjoerderskosten (binnen Nederlân)