Tetman de Vries (1915, Bitgummole) wie sigareferkeaper yn Dronryp. Yn 1944 rjochte hy it Frysktalige revue- en kabaretselskip Selskip Tetman de Vries op. De kabaretgroep startte yn jannewaris 1945 yn Bitgummole mei de premjêre fan De tiid hâldt gjin skoft dat meer as 1200 kear opfierd wurde soe. Oant 1969, it jier dat it selskip ophâld fan bestean, waarden 23 Frysktalige stikken spile. Fierder waarden der ek noch ris 17 gelegenheidsrevues en 10 Nederlânsktalige programmas makke.
De groep bestie yn earste ynstânsje út fiif bruorren en susters wêrby't Tetman syn twillingbroer Jarich oer in grut mimysk talent bliek te beskikken. Johan Bok, Leo Dijkstra, Ryk Landman, Jeltsje Das, Rients Gratama, Rypke Westra, Mine de Vries en Jetske Zijlstra hearden by de meiwurkers.
Fan 1951 oant 1963 skreau Tetman de Vries de teksten foar de groep. Dêrnei skreau ek Rients Gratama mei. S.J. van der Molen wie oant 1950 pianist yn it selskip. Letter wie dat Kor Huisman. Oan it program ferliende ek it orkest Jan Corduwener de meiwurking.
De kompakt skiven fan Tetman de Vries
Tetman de Vries hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.
|