Bauke de Groot (1955) en Greetje Wiersma (1959) binne broer en sus. Bauke is fysioterapeut en wennet yn Drachten. Greetje wurket op in fersekeringskantoar en wennet yn Damwâld. It duo is min ofte mear út need berne. Harren heit wie skoalmaster yn Baard. Hy siet yn de organisaasje fan in talintejacht. Doe't der ta syn grutte skrik net mear as trije oanmeldingen kamen, trune er syn beide âldste bern oan om mei te dwaan. Bauke hie al ris in paar lietsjes makke, ûnder oare foar it Sinteklaasmearke fan de ûnderwizers, dat se koene sa los.
De keatsrevu, dêr’t se letter in pear lietsjes foar makken, brocht Bauke en Greetje troch de opnamen fan Omrop Fryslân provinsjale bekendheid. Al gau krigen heit en mem telefoantsjes mei de fraach oft dy bern der ek op útgiene om te spyljen. Dêrmei wie it duo Bauke en Greetje in feit. It liet 'Al wer in Fries' moat ien fan de meast oanfrege nûmers fan it fersykplateprogram fan Omrop Fryslân wêze.
Bauke sjongt, spilet gitaar en makket de lietsjes, Greetje sjongt. Tegearre meitsje sy ‘harklietsjes’, dy’t it foaral fan de tekst hawwe moatte.
De kompakt skiven fan Bauke & Greetje
Bauke & Greetje hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.
|