Ritske Numan (19 oktober 1921, Drachten) wie ryksambtner en in ferneamde Frysktalige bas-bariton. Hy studearre sang oan it Uterter konservatoarium. Yn 1955 waard hy lid fan it Mannekoar Smeliesterlân dêr't hy al rap de solopartijen foar syn rekken naam. Dêrmei begûn syn solokariêre. Dochs bleau it sjongen in hobby. Hy waard lid fan it toankeunstkoar Frisia Cantat wêrfan't hy yn 1987 ôfskied naam.
Numan song ûnder mear lietsjes fan Fedde Schurer en Harm de Wilde. Bekende lieten fan Numan binne Oan 'e dwersfeart, Om utens en It âlderhûs. Ritske Numan stoar op 17 jannewaris 2004 yn syn wenplak Drachten.
De kompakt skiven fan Ritske Numan
Ritske Numan hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.
|