De Fryske Winkel
Brûkersnamme:
Wachtwurd:
Unthâld myn gegevens
De Bazuin
De Bazuin


Brassband De Bazuin út Oentsjerk is al jierren in begryp yn Nederlân. Yn 1924 waard de band oprjochte as in fanfarekorps mar yn 1971 waard de band omfoarme ta brassband. De band hat in besetting fan muzikanten út Fryslân en omstreken. Op konkoersen en festivals komt DBO út yn de heechste ôfdieling. Sawol yn binnen- as yn bûtenlân waarden ferskate priisen wûn. Sa wûn de Bazuin fiif kear it Nederlânsk Brassband Kampioenskip. Ek hat de band meardere kearen it Survento Brassband Festival wûn. Yn 1995 en 1999 behelle de band de titel Swiss Entertainment Champion.

Yn 1999 eindige de band op in tige fertsjintlik twadde plak by it Europese Brassband Kampioenskip yn München, en sawol yn 2004 as 2007 waard De Bazuin winner fan de Euro Brass Contest.

Brassband De Bazuin docht gauris mei oan konserten en ks-opnames foar solisten en ensembles.

De kompakt skiven fan De Bazuin

De Bazuin hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.

De bêste fan Omrop Fryslân1992€15,99
 
Kopyrjochten © 2009 - 2012 Thaeke.com - Alle prizen binne ynklusyf btw en ferstjoerderskosten (binnen Nederlân)