Inez Timmer (1954) waard berne yn Dedemsvaart. Dêr song sy al as lyts bern op in biljert yn it kaffee. Op har alvde learde sy trompetspyljen. Op har fyftjinde wie sy de liedster fan in band. Timmer wie de sjongeres fan Irolt fan 1975 oant 1983. Sy song dêrneist ek solo Frysk- en Ingelsktalich wurk. Soms waard de dêrby begelaad troch Peter van der Zwaag. Yn 1991 siet sy yn de gelegenheidsformaasje It aai fan Abel. Yn it selde jier berikte Inez Timmer tegearre mei Frederike Kleefstra de finale fan Liet mei it nûmer Wy geane ús eigen paad. Inez Timmer folge in oplieding foar learares. Se joech les yn it Ingelsk en Nederlânsk oant har njoggenentweintigste. Doe stoppe sy om in stúdzje Jazz op te pakken oan it konservatoarium yn Hilversum. Nei't sy dy stúdzje ôfrûne hie waard Timmer musicalsangeres. Sy hie gastrollen yn ferskate musicals. Timmer spile yn Nederlân, Eastenryk, Dútslân en New York. Sûnt dy tiid treedt se ek op as jazzartyst.
De kompakt skiven fan Inez Timmer
Inez Timmer hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.
|