The Outsiders wie in Amsterdamse nederbietband ûnder lieding fan sjonger Wally Tax. De band waard troch Tax oprjochte yn 1960 doe't Tax noch mar tolve jier wie. Yn earste ynstânsje spile de band bynammen yn Amsterdam. Letter toerden hja troch it hiele lân.
De Outsiders spilen yn it foarprogramma fan it twadde optreden fan de Rolling Stones yn Nederlân op 26 maart 1966. Hitweek skreau doe dat de Outsiders better wiene as de Stones en in soaf fans wiene it dêr mei iens. It betsjutte in lanlike trochbraak.
De styl fan The Outsiders wie folle mear garaazjerock dan typyske nederbiet. De band spile yn Parys yn it foarprogramma fan Chuck Berry. Yn 1968 kaam it ein fan de band yn sicht. Earst waard Tom Krabbendam út de band setten. In jier letter gie ek Appie Rammers út eigen beweging. Hja waarden ferfongen troch multy-ynstrumentalist Frank Beek. Yn 1969 stoppe de band.
Midden jierren tachtich wie der in opleving doe't Tax en Busch mei gastmuzikanten as The Outsiders optreden. De eartiidske leden fan The Outsiders hiene yn de jierren njoggentich gjin kontakt mear. It projekt fan Jerome Blanes om in offisjele biografy te skriuwen hat se wer by elkoar brocht. Yn 1997 wie der dan ek in grutte reunytoer.
Neidat Tax de band yn 1997 ferliet en waard ferfongen troch Edwin de Boer folge der yn 1998 in toer mei âlde en nije nûmers. Oan alle rabberijen oer in nije reuny kaam yn april 2005 abrupt in einde doe't Wally Tax stoar.
Yn the Outsiders spilen Appie Rammers (basgitaar), Leendert Busch (drums),
Ronald Splinter (gitaar), Tom Krabbendam (gitaar), Wally Tax (gitaar, mûlharp, sang) en Frank Beek (gitaar, basgitaar, toetsen)
De kompakt skiven fan Outsiders
Outsiders hat bydragen levere oan ûndersteande skiven.
|