De Fryske Winkel
Brûkersnamme:
Wachtwurd:
Unthâld myn gegevens
Kompakt skiif (CD)Tsjoch - in priuwke (1992)
De hoes fan Tsjoch - in priuwke (hoeskes kinne bytiden ôfwike fan dy op dizze side) Foar 1975 waard de folksmuzyk yn Fryslân droegen troch mar inkelde spylders. It wie in smelle en brekbere basis. Om dy basis te ferbreedzjen en de folksmuzyk, yn wat foar foarm dan ek, in kâns te jaan by in breder publyk, is de feriening Tsjoch oprjochte. De doelstelling wie al it oanwêzige muzikale talint te bondeljen en in poadium te bieden. Mar sûnder meiwurking fan it publyk soe dy opset net slagje. Dat poadium bestiet ûnder oaren út it jierlikse Tsjochfestival yn 'e neisimmer dêr't omraken spile en dûnse wurdt. De ks dy't jo no yn hannen hawwe jout in part fan it repertoire fan wat yn Fryslân him presintearret as folksmuzyk. De oanwinnende belangstelling fan it publyk foar de aktiviteiten fan Tsjoch mei sjoen wurde as in sukses fan de spylders. It docht ek bliken dat har wurk troch de harkers tige op priis steld wurdt. Want harkers en spylders, hja kinne net sûnder inoarren. Wat soe der fan in folk oerbliuwe as it sûnder muzyk en poëzy troch de tiid moast? Poëzy en muzyk jouwe glâns en krêft oan it bestean. En allinnich mei dit foar eagen te hâlden sil Tsjoch meidwaan kinne yn Europeesk ferbân.

Dizze skiif kinne wy op dit stuit net leverje.

Op de kompakt skiif Tsjoch - in priuwke fine jo ûndersteande nûmers. Wolle jo mear ynformaasje oer de artysten, klik dan op in artystenamme. Troch op it nûmer te klikken kinne jo sjen wa't in selde titel opnaam hat en op hokker skiif dit nûmer stiet. Wannear't der foar in nûmer in blau pylkje stiet kinne jo dêr op klikke om in fragmint te hearren fan it nûmer.

1Doarpsfeest-Doede Veeman
2De kening fan de greide-Piter Wilkens
3Lêste jûn-Foarhinne keamerkoar excelsior
4Dat "fertederjende"-Bauke & Greetje
5Hikke Tjerds (ûnbekende figuren út de Fryske skiednis - LXI)-Kat yn 't seil
6Altyd utselfde-Doede Bleeker
7Alternatyf Bildts folksliet-Titia Lont
8Kabouters-Occajun
9Woeh de blommen-Koos Tiemersma
10De ûngelikense striid-Irish stew
11Vier uren-Dok'm
12Wat haw ik eins b' d' ein-V-3
13Nije tiden-A3
14Myn reade beppe-Janneke Hoekstra
15Roosmarietje-Sietze de Vries
16Ellende zat-Karst Berkenbosch
17Jou my in liet-Gysbert
18Earlik sein-Jaap Louwes
19Wiltsje fan Peazens-Wiltsje fan Peazens
 
Kopyrjochten © 2009 - 2012 Thaeke.com - Alle prizen binne ynklusyf btw en ferstjoerderskosten (binnen Nederlân)