Deuntsjes foar dy diel 2 (2001) |
Yn it jier 2000 ferskynde fan Geartsje Douma en Hindrik van der Meer it ferskeboek Deuntsjes foar dy. By dat boek binne yn 2001 twa kompakt skiven makke. De ferskes wurde songen troch bern fan ferskate basisskoallen. Der binne in hiel soad solisten mar der wurdt ek yn groepsferbân songen. Troch it ferskaat yn stimmen kriget elts lietsje in eigen lûd. Dat wurdt nochris fersterke troch de grutte fariaasje yn de begelieding. Alle mooglike ynstruminten binne te hearren, fan draailier oant elektryske gitaar, fan fioele oant trompet. Sa leare bern mei dizze kompakt skiif net allinne 53 nije ferskes, mar wurde se ek fertroud makke mei in ryk ferskaat oan klanken en muzykgenres. Dat stie de beide arranzjeurs, heit en soan Hindrik en Kees van der Meer by it komponearjen foar eagen. Kees is studint skoalmuzyk oan it konservatoarium yn Grins en Hindrik wie muzyklearaar oan Pabo de Him yn Snits. Hja hiene tegearre de einferantwurdlikheid foar it hiele projekt.
€ 15.99
Op de kompakt skiif Deuntsjes foar dy diel 2 fine jo ûndersteande nûmers. Wolle jo mear ynformaasje oer de artysten, klik dan op in artystenamme. Troch op it nûmer te klikken kinne jo sjen wa't in selde titel opnaam hat en op hokker skiif dit nûmer stiet. Wannear't der foar in nûmer in blau pylkje stiet kinne jo dêr op klikke om in fragmint te hearren fan it nûmer.
|