De by syn libben al legendaryske Flaamske chansonnier Jacques Brel (1929-1978) brocht Frânske chansons oer dingen, dy't elk minske oansprekke. Alle ûnderwerpen tusken libben en dea, tusken haat en leafde hat Brel ferarbeide ta prachtige en yn it moed taastende chansons, dy't er op sa'n krêftige wize oer de fuotljochten smiet, dat syn chansons de hiele wrâld oer ferneamd waarden. Hertstochtlik besjongt Brel de leafde , dêr't er hieltyd wer foar troch de knibbels giet. Hy snakt nei in bytsje oandacht, sjocht wanhopich út nei de meiminske, trapet wraaksuchtich nei de machthawwers. As gjin oar fiert Jacques Brel de spanning yn syn chansons op, net allinnich troch in klimaks yn 'e tekst, mar ek troch it muzikale tempo op te driuwen. De harmony tusken tekst en muzyk makket fan elk Brelnûmer in ûnferjitlik chanson.
Op dizze kompakt skiif stiet in kar fan nûmers út it unike en opmerklike chansonprogramma "Brel, in Fries", dat har première belibbe hat op 14 oktober 1989 yn it Posthuisteater fan it Hearrenfean. Om Brel foar it eigen Fryske publyk fersteanber te meitsjen binne de fan oarsprong Frânske teksten foar dizze gelegenheid ferfryske. De teksten binne ferrassend en werkenber oerset troch Jaap Duijs, Tsjêbbe Hettinga/Wilco Berga en Baukje Wytsma/Hylke Goïnga. Douwe Heeringa sjongt Jacques Brel. No net yn it Frânsk of yn it Nederlânsk, mar yn it Frysk!
€ 15,99
Op de kompakt skiif Brel, in Fries fine jo ûndersteande nûmers. Wolle jo mear ynformaasje oer de artysten, klik dan op in artystenamme. Troch op it nûmer te klikken kinne jo sjen wa't in selde titel opnaam hat en op hokker skiif dit nûmer stiet. Wannear't der foar in nûmer in blau pylkje stiet kinne jo dêr op klikke om in fragmint te hearren fan it nûmer.
|