De roeger as froeger DFD (2009) |
Strawelte wie de romrofte willepunk band út de Fryske wâlden. Healwei 1990 hiene se it lef om nei dik 3 jier op it hichtepunt der mei te stopjen. Yn 2008 kaam de band knetterhurd werom foar in lyts oantal roeger as froeger reünykonserten en in bysûnder optreden op Wâldrock. Alle konserten wiene rom yn 't foar stiif útferkocht. Dizze DFF jout in oersjoch fan de meast Straweltiaanske hichtepunten. Nei 18 jier it earste emoasjonele weromsjen mei it Wâldrockpublyk, de memorabele minút stilte yn in kolkjend teater Romein, de Strawelte top 10 fan de fans yn Drachten, de stagedivers yn Dokkum, de stunts mei it fleantúch foar de promoasjefoto, backstage by Strawelte, de Omrop Fryslân dokumintêre en noch folle folle mear. Alles, mar dan ek alles, stiet der op! En fansels gjin roeger as froeger Straweltefan dy't dit misse mei!
€ 12,99
Op de dvd De roeger as froeger DFD fine jo ûndersteande nûmers. Wolle jo mear ynformaasje oer de artysten, klik dan op in artystenamme. Troch op it nûmer te klikken kinne jo sjen wa't in selde titel opnaam hat en op hokker skiif dit nûmer stiet. Wannear't der foar in nûmer in blau pylkje stiet kinne jo dêr op klikke om in fragmint te hearren fan it nûmer.
|