De dream (Pieter Verhoeff, 1985) |
De dream is it op wiere feiten basearre leafdesferhaal fan Wiebren Hogerhuis (Peter Tuinman) en Ymkje Jansma (Joke Tjalsma). Ymkje sjocht yn Wiebren de man fan har leven, mar Wiebren tinkt dêr oars oer. Hy wiist har úteinlik ôf. Wannear't der in brute rôfoerfal pleegt wurdt op de pleats dêr't Ymkje de hûshâldster is sjocht Ymkje kâns om wraak te nimmen. Sy ferklearret tidens in tumulteuse rjochtsitting dat sy Wiebren en syn broers herkend hat as de ynbrekkers op de pleats fan boer Haitsma. Omt de oerheid ein njoggentjinde ieu net in soad op hat mei sosjalisten lykas de bruorren Hogerhuis wurde hja ten ûnrjochte feroardield. Ek de kameraden út de sosjalistyske beweging litte de bruorren Hogerhuis falle. Dit omdat de wurklike dieders diel útmeitsje fan dizze sosjalistyske beweging. Sille de bruorren der ea yn slachje harren ûnskuld te bewizen?
€ 16,99
Oan De dream wurken de folgjende akteurs mei. Troch op de namme fan in akteur te klikken kinne jo mear ynformaasje fine oer dizze akteur.
Adrian Brine, Aly Bruinsma, Arend Jan Heerma van Vos, Byke Tichelaar, Catrien Wolthuyzen, Eelco Vellema, Fije Spoelstra, Fokke de Vries, Freark Smink, Geert Lageveen, Ger Sterk, Hans van Toorenburg, Hans Veerman, Hessel van der Wal, Hilly Harms, Huup Stapel, Jan Arendz, Jan Jansma, Joke Tjalsma, Klaasje Postma, Niels Hamel, Peter Tuinman, Pierre Bokma, Rense Westra, Rients Gratama, Romke de Leeuw, Romke Tysma, Sietse Postmus, Theo Pont, Thomas van der Goot, Wieger Dam, Wytze Hoekstra.
|