De gouden swipe (Steven de Jong, 1996) |
De gouden swipe spilet him ôf yn it Noarden fan Fryslân begjin jierren tritich. Ate Walinga (Steven de Jong), de soan fan Douwe (Rense Westra) konfrontearret syn heit mei de libbensbiecht fan syn mem. Wylst Ate de biecht oanharket, wint Douwe de felbegearde Gouden swipe op de drafbaan. Wannear't Douwe thúskomt rint it konflikt sa heech op dat Douwe de Gouden swipe stikken slacht op de rêch fan Ate. De oanstichter fan al dit kwea blykt Douwe syn saneamde freon Wilco Herema te wêzen. Ate nimt it beslút om fuort te gean mar dan stjêrd mem en dit bringt heit en soan wer by elkoar mar net foar lang. In nij konflikt ûntstiet wannear't Ate fereale rekket op Janke en Douwe der alles oan docht om dy leafde te ferbieden. Douwe ûntflechtet de problemen en konsintrearret him oppenij op de Gouden swipe. Der binne allinnich mear kapers op 'e kust dy't de grutste priis fan Fryslân winne wolle.
It nûmer In nije dei fan de Kast is spesjaal skreaun foar dizze film.
€ 11,99
Oan De gouden swipe wurken de folgjende akteurs mei. Troch op de namme fan in akteur te klikken kinne jo mear ynformaasje fine oer dizze akteur.
Aly Bruinsma, Bram van der Vlugt, Fokke de Vries, Hidde Maas, Hilly Harms, Joop Wittermans, Leny Dijkstra, Maaike Schuurmans, Pieter de Vries, Rense Westra, Steven de Jong, Wilbert Gieske.
|