De Fryske Winkel
Brûkersnamme:
Wachtwurd:
Unthâld myn gegevens
DVDNynke (Pieter Verhoeff, 2001)
De hoes fan Nynke (hoeskes kinne bytiden ôfwike fan dy op dizze side) In leafdesskiednis oer in bysûndere frou. Skriuwster Sjoukje Bokma de Boer, alias Nynke fan Hichtum, tinkt yn Pieter Jelles Troelstra de man fan har libben fûn te hawwen. In man dy't har as lykweardich beskôget en har ambysjes helpt te ferfoljen. Wannear't Troelstra yn de ban rekket fan it sosjalisme bliuwt foar Nynke allinnich de memmerol oer. Sy rekket dêrby yn in sosjaal isolemint en krijt in senuynsinking. Nei in psychjatryske behanneling kriget sy it advys har ambysjes op te jaan. Sy ferfremdet fan de bûtenwrâld en fan harsels. Twa ambysjeuse froulju út de SDAP sette Nynke oan om dochs wer it skriuwen op te pakken. Wannear't ek it lot fan dizze freondinnen troch harren mannen bepaald wurdt rekket sy oppenij yn in krisis. Nynkes libben is in iuwige striid tusken it mem wêzen en ambysje, tusken leafde en ûnôfhinklikens.

€ 12,99



Oan Nynke wurken de folgjende akteurs mei. Troch op de namme fan in akteur te klikken kinne jo mear ynformaasje fine oer dizze akteur.

Astrid Reitsema, Carine Crutzen, Coby Faber, Freark Smink, Gonny Gaakeer, Jeroen Willems, Joke Tjalsma, Maarten Wansink, Marijke Veugelers, Monic Hendrickx, Onnojens van der Werf, Peter Tuinman, Porgy Franssen, Rients Gratama.
 
Kopyrjochten © 2009 - 2012 Thaeke.com - Alle prizen binne ynklusyf btw en ferstjoerderskosten (binnen Nederlân)