De Fryske Winkel
Brûkersnamme:
Wachtwurd:
Unthâld myn gegevens
DVDBaas boppe baas diel 1 (Steven de Jong, 2006)
De hoes fan Baas boppe baas diel 1 (hoeskes kinne bytiden ôfwike fan dy op dizze side) De famylje Baas wennet yn in doarpke earne yn de Fryske wâlden. Haadpersoan is Beant Baas, spile troch Rense Westra. Beant is fan it type eamelkont. Hy hat oeral wol in miening oer en hy kin dy miening kwyt yn syn kolumn yn it doarpsblêd. Beant wie drukker mar hy sit no thús omdat er ôfkard is om syn rêch. Hy is troud mei Joukje, spile troch Hilly Harms. Joukje komt út in boerefamylje. Sy is de neutralisearjende persoan en wit hiel lang de frede te bewarjen mar bytiden kin sy ek nuver út de hoeke komme. Dan is it ek mienens. Beant en Joukje hawwe in soan, Sjoerd, dy't feearts is. Doe't Sjoerd goed tsien jier ferlyn ôfstudearre koe hy de praktyk yn it doarp oernimme. Hy wie doe noch allinnich dat dêrom lutsen Beant en Joukje by him yn. Joukje die it hûshâlden en in part fan de administraasje fan de praktyk.

Yn dizze prachtige DVD boks sitte trije DVD's mei yn totaal mar leafst alle 18 ôfleverings fan it earste seisoen. Dat betsjut mar leafst 540 minuten Frysk drama.

€ 15,99



Oan Baas boppe baas diel 1 wurken de folgjende akteurs mei. Troch op de namme fan in akteur te klikken kinne jo mear ynformaasje fine oer dizze akteur.

Hilly Harms, Lianne Zandstra, Meriyem Manders, Rense Westra, Thijs Feenstra, Thirza Koopmans, Wybe Bruinsma.
 
Kopyrjochten © 2009 - 2012 Thaeke.com - Alle prizen binne ynklusyf btw en ferstjoerderskosten (binnen Nederlân)