 Dankert & Dankert De swarte ingel (Steven de Jong, 2006) |
Pieter en Jelle Dankert binne krekt lykas de bruorren Anker súksesfolle abbekaten en in ienaaiïge twilling. Hja runne harren abbekatekantoar fanút Fryslân en hâlde der sa harren eigen spesifike wurkmetoaden op nei. De avontoeren binne basearre op ferhalen en saken dy't rjochtstreeks út de praktyk fan de bruorren Anker wei komme. Dêrnei binne dizzen frij bewurke. De bruorren Dankert wurde troch Peter Tuinman op oertsjûgjende wize delsetten.
Yn dizze spylfilmfersy wurde de bruorren konfrontearre mei in kliënt dy't fertocht wurdt fan it fermoardzjen fan âldere pasjenten yn in siikenhûs. Al rap docht bliken dat der noch in ferpleegkundige omrint dy't har nuver gedraagt. De Dankerts gean op jacht nei ûntlestend bewiis en stuitsje dêrby op ferrassende saken dy't harren foar in enoarm dillema stelle. Hoe fier giet in abbekaat yn syn beropsgeheim eart it beswierlik wurdt yn syn priveelibben. In konflikt tusken de bruorren kin hast net útbliuwe.
Neist de DVD sit der ek noch in singeltsje by mei it nûmer It is net wis fan Bert Heerink.
€ 11.99
Oan Dankert & Dankert De swarte ingel wurken de folgjende akteurs mei. Troch op de namme fan in akteur te klikken kinne jo mear ynformaasje fine oer dizze akteur.
Alyt Damstra, Gonny Gaakeer, Lianne Zandstra, Lyan van der Meulen, Lysbeth van der Werff, Manouk van der Meulen, Peter Tuinman, Rense Westra, Rients Gratama, Steven de Jong.
|