| Kopziekte (Doede Bleeker, 2007) |
Yn 1984 wîe Doede Bleeker wurkleas en skreau hy gedichten, ferhalen en lietsjes. Stikjes neamde hy se sels. Yn it begjin doarde hy se net te sjongen, mar nei in strjitoptreden yn Snits krige er mear lef. Al snel waard him frege in LP te meitsjen en waard syn muzyk faak draaid op de Fryske radio. In gek neamde him yn 'e krante "De Fryske Urbanus" dus betocht er sels de namme "Staverse Misthoorn". Doede leverde syn útkearing yn en begûn as selsstandige: kommisjekeaper op de feiling, fiskboer en trûbadoer. Fisk ferkeapje en sjonge docht er noch altyd. En skriuwe ek lykas yn dit boek te lêzen falt.
€ 12,50
|