De Fryske Winkel
Brûkersnamme:
Wachtwurd:
Unthâld myn gegevens
DVDDe Alvestêdetocht (2009)
De hoes fan De Alvestêdetocht (hoeskes kinne bytiden ôfwike fan dy op dizze side) Soe de 16e Alvestêdetocht dit jier dan echt komme? Helje yn elts gefal de earste 15 yn 'e hûs. Bestel no de dûbel DVD mei de folsleine skiednis en in blik op de takomst fan De Alvestêdetocht. It begûn allegear mei Pim Mulier dy’t krekt as safolle oaren op redens in dei de alve Fryske stêden by lâns gong. Allinne hy dage de Friezen út om dêr in organisearre tocht fan te meitsjen. Fryslân naam de útdaging oan, de earste Alvestêdetocht wie op 2 jannewaris 1909 en yn in ieu soene der noch fjirtjin folgje. It gehiel groeide út ta in mytysk, suver hillich reedridersfeest. Kreakjend kwalsteriis, swiere wynpûsters, diskwalifikaasjes, wylde en alternative tochten, kjeld, stosnie, ûnbegeanber iis, wekken, beferzen noazen en teannen, tsjusterens, heldedom, benaudens en grutskens. Der besteane in grouwélich tal ferhalen fan prachtige tochten troch winterske Fryske lânskippen. En der wie hûndert jier lang dy machtige ien-twa fan riders en taskôgers. Omrop Fryslân sette de bylden, ferhalen en helden fan eartiids en hjoed de dei del yn trettjin dokumintêres, fan it ferline oant de takomst. De DVD hat Nederlânske ûndertiteling as opsje.

€ 27,99



Oan De Alvestêdetocht wurken de folgjende akteurs mei. Troch op de namme fan in akteur te klikken kinne jo mear ynformaasje fine oer dizze akteur.

Der binne noch gjin akteurs oan dizze film taheakke.
 
Kopyrjochten © 2009 - 2012 Thaeke.com - Alle prizen binne ynklusyf btw en ferstjoerderskosten (binnen Nederlân)