De Fryske Winkel
Brûkersnamme:
Wachtwurd:
Unthâld myn gegevens
DVDKompakt skiif (CD)De Kameleon ontvoerd (Hans Scheepmaker, Steven de Jong, Winfred van Buren, 2006)
De hoes fan De Kameleon ontvoerd (hoeskes kinne bytiden ôfwike fan dy op dizze side) De Kameleon ontvoerd is in filmteaterstik wêryn't fiksje en non-fiksje hyltyd mei elkoar stride wêrby't de fraach opkomt: "Is film wurklikheid, as wurklikheid film?" In boeiend en licht absurdistysk stik dêr't troch de kombinaasje fan toaniel, film, dûns en muzyk op in nuveraardige wize foarm jûn wurdt. Wannear't wy terjochte komme by de útrikking fan de prestisjeuse filmpriis "De gouden koe" award wurdt al rap dúdlik dat net alles neffens plan rint. De winner fan de award is fansels de film Schippers van de Kameleon. Wannear't de gasten fan it Kameleondoarp op de reade loper ferskine nimt de spanning ta. De sjampanje stiet klear, de presintator tovert in glimpke op syn gesicht en de band stemt noch efkes de ynstruminten. Elkenien is der útsein de twaling Hielke en Sietse. Fuortdaalks is der panyk by de presintator want no liket de hiele sjo yn it wetter te fallen. Fjildwachter Zwart komt mei in bewakingsbân dêr't op te sjen is dat de Kameleon stellen wurden is. Sûnder harren boat wolle Hielke en Sietse fansels net dy priis yn ûntfangst nimme. Mar fansels gean de beide mannen op paad om de boat werom te finen. Dizze foarstelling is opnaam yn de Martinihal yn Grins.

€ 10,99



Oan De Kameleon ontvoerd wurken de folgjende akteurs mei. Troch op de namme fan in akteur te klikken kinne jo mear ynformaasje fine oer dizze akteur.

Arjen Rooseboom, Babette van Veen, Edward Koldewijn, Jos van der Donk, Koen van der Donk, Loes Kort, Maarten Spanjer, Peter Groot Kormelink, Rense Westra, Ron Boszhard, Roos Kort, Steven de Jong.
 

MEAST FERKOCHTE FILMS

Kopyrjochten © 2009 - 2012 Thaeke.com - Alle prizen binne ynklusyf btw en ferstjoerderskosten (binnen Nederlân)