Nei alle gedachten de lêste kompakt skiif fan de Fryske tongercoreband Jitiizer mei in registraasje fan harren live-optreden yn de Landscape studio. Neist de kompakt skiif sit der ek in DVD by sadat der ek yn de takomst noch bylden bestean bliuwe fan dizze unike band. Op de DFD stean 32 nûmers, op de KS pasten der spitigernôch net mear as 27. De nûmers 8, 10, 23, 24 en 29 stean dus allinnich op de DVD. Op de DVD stean fierder ek noch ekstra's lykas bylden efter it poadium, bylden fan Jitiizer ûnderweis en fansels fan it publyk.
€ 17.49
Op de kompakt skiif Ut 'e skroeven fine jo ûndersteande nûmers. Wolle jo mear ynformaasje oer de artysten, klik dan op in artystenamme. Troch op it nûmer te klikken kinne jo sjen wa't in selde titel opnaam hat en op hokker skiif dit nûmer stiet. Wannear't der foar in nûmer in blau pylkje stiet kinne jo dêr op klikke om in fragmint te hearren fan it nûmer.
|