Snuf de Hond en het spookslot (Steven de Jong, 2010) |
Tom en Mirjam gean tegearre mei Snuf in wike útfanhûs by omke Hans en harren neef Jaap, dy't like âld is. Sy hawwe heard dat der ticht by de pleats in spoekslot is. De leginde fertelt dat yn de midsieuwen in sekere ridder Bertram fereale waard op jonkfrou Ada, dy't op har beurt wer in eachje hie op de stâlfeint, wêrnei't ridder Bertram op alderferskuorrendste wize wraak naam. Sûnt dy tiid skynt it te spoekjen yn de bosken rûnom it kastiel. Yn de omkriten blykt ek in binde smokkelaars aktyf te wêzen. Resjersjeur Barninkhof makket om 'e nocht jacht op de binde. Wanear't Tom immen yn it spoekslot sjocht, faaks ien fan de smokkelaars, liket nimmen him te leauen. Dêr komt noch by dat syn neef Jaap wel in hiel soad belangstelling toat foar Mirjam. De jaloezy oergeunst driuwt in wich tusken de twa jonges: sy krije der sels spul om. Wannear't Tom dêrnei allinnich, fansels wol mei Snuf, op ûndersyk útgiet fynt Snuf in spoar. In spoar dat liedt nei in geheime gong... en nei de smokkelaars.
€ 17,99
Oan Snuf de Hond en het spookslot wurken de folgjende akteurs mei. Troch op de namme fan in akteur te klikken kinne jo mear ynformaasje fine oer dizze akteur.
Steven de Jong.
|